Stroomstjitwapen yn beslach naam by ferkearskontrôle

Stroomstjitwapen (fotofoarbyld) © ANP
By in ferkearskontrôle by de rotonde fan De Jouwer hat de plysje woansdeitemiddei in stroomstjitwapen yn beslach naam. Fierders waarden bekeurings útdield foar it riden mei glêde bannen, mei tefolle lading of foar it net toane kinne fan de goede papieren. Ek waard in iepensteande boete fan 2125 euro ôfrekkene.
De plysje kontrolearret op it heden in soad op de A7.