Tbs mei twangferpleging foar rige strafbere feiten

Justysje © Omrop Fryslân
In eardere ynwenner fan Easterwâlde fan 23 jier is troch de rjochtbank feroardiele ta tbs mei twangferpleging. De man stie terjochte foar in rige strafbere feiten yn 2015 en 2016, wêrûnder it yn 'e brân stekken fan it hûs fan syn eks-skoanheit.
Eks mei de dea bedrige
Dêrneist bedrige er de man en syn eks-freondinne mei de dea. Hy bruts ek yn by eks-freondinne en bedrige plysjeminsken mei de dea. Fierders ried er in tal kearen sûnder rydbewiis en ried troch nei it feroarsaakjen fan in ûngelok.
Hûn ophongen
Ferline jier april hong de man syn hûn oan in ketting yn de beam en filme de deastriid fan it bist. De deade hûn lei er dêrnei foar it hûs fan syn eks.