"Driging yn 2 Gemeenten slimmer as by Project X yn Haren"

03 maaie 2017 - 19:29
Plysje-ynset by Twee Gemeenten yn Jirnsum

De driging by de 2 Gemeenten yn Jirnsum wie slimmer as dy by Projext X yn Haren. Dat seine twa plysjeminsken woansdei tsjin de rjochter.

Bloedhannen ôffeie oan plysjejas

De skermutselingen yn novimber 2015 ûntstiene doe't yn de snackbar in radiator fernield waard. De plysjeminsken dy't op de melding ôfkamen, seagen op in stuit in grutte groep agressive feestfierders tsjinoer harren stean. Ien fan de fertochten waard dûm doe't in plysjeman him oantreau en syn patat op de grûn foel. In oar hie in bloednoas oprûn en fage de hannen ôf oan in plysjejas. Letter kamen tritich kollega's om de beide plysjeminsken by te stean. De groep waard mei de wapenstôk en pepperspray útinoar dreaun. Boargemaster Crone hat nei oanlieding fan it foarfal it sealesintrum in moanne sletten. De snackbar en it kafee mochten wol iepenbliuwe.

Wurkstraffen

Der stiene woansdei trije fertochten terjochte foar it brûken fan geweld. Se waarden alle trije feroardiele ta 120 oeren wurkstraf en in finzenisstraf ûnder betingst fan in moanne. Se moatte de plysjeminsken in skeafergoeding fan 511 euro betelje.

Trefwurden: 
2 Gemeenten driging
(Advertinsje)
(Advertinsje)