"Underwiis moat net ûndersnije by fúzjes en weryndielings"

© ANP
De steatefraksje fan de FNP wol fan deputearre Poepjes witte oft goed meartalich ûnderwiis berikber en beskikber makke wurdt. De FNP freget dat nei oanlieding fan de spriedingsplannen dêr't op dit stuit oan wurke wurdt.
Troch gemeentlike weryndielings en skoalfúzjes feroaret der in soad yn ûnderwiislân. De FNP wol witte hoe't de provinsje derfoar soargje sil dat goed meartalich ûnderwiis net ûndersnije sil. De partij wol dêrfoar de rapportaazje fan de ûnderhannelings fan de provinsje mei de earste 115 skoallen ynsjen.