Hylper (54) feroardiele foar falske beskuldigingen

03 maaie 2017 - 17:30
Rjochtbank Ljouwert - Foto: ANP

In 54-jierrige man út Hylpen hat in wurkstraf fan 18 oeren oplein krigen fan de strafrjochter. De man hie in toskedokter út Bedum fan oplichting en kompjûterfredebrek beskuldige. De toskedokter hie lykwols neat ferkeard dien.

De straf is ûnder betingst, omdat de saak ûnnedich lang by it Iepenbier Ministearje op de planke lizzen bleaun is. De beskuldigingen spilen yn april en maaie 2015. De Fries beskuldige de toskedokter der ek fan dat dy sûnder tastimming persoansgegevens brûkte. Neffens de rjochter is de Hylper dêrmei te fier gien.

Trefwurden: 
Hylper wurkstraf
(Advertinsje)
(Advertinsje)