Tsientallen betinkingen foar oarlochsslachtoffers yn Fryslân

04 maaie 2017 - 05:43

Op 4 maaie betinke wy en op 5 maaie fiere wy. Al jierrenlang is dat it motto fan de deadebetinking en befrijingsdei, mar hoe fanselssprekkend is it tsjinwurdich noch dat der op 4 maaie betocht wurdt?

It is dit jier alwer 72 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútske besetter. Der binne hieltyd minder minsken dy't de oarloch bewust meimakke hawwe, en dêrtroch goed witte wat der op dizze dagen betocht en fierd wurdt. In rûntsje by de Fryske gemeenten del lit sjen dat nettsjinsteande de lange tiid tusken de oarloch en no, it betinken fan de deaden libbet by de Friezen.

Stil stean

It is in dei om stil te stean by wat der eartiids bard is, mar ek by de aktualiteit, seit Hans Groeneweg fan it Fries Verzetsmuseum. "We actualiseren de herdenking, en daarmee maken we hem steeds opnieuw waardevol." De betinking draait al jierren net mear om allinne de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch, mar ek om dy fan resintere fredesmissys. By de provinsjale betinking yn Ljouwert giet it ek oer flechtlingen fan no.

Flagge healstôk

Op 4 maaie hinget de flagge fan 18.00 oere oant de sinne ûndergiet healstôk.

Súdwest-Fryslân

De ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe in protte kar as sy tongersdeitejûn by in betinking oanwêzich wêze wolle. Yn de gemeente wurde mar leafst 29 betinkingen organisearre. Ien fan de bekendere dêrfan is Blauhús dêr't alle jierren in oar lokaal tema sintraal stiet. Mar ek yn plakken lykas Gau, Molkwar en Koarnwertersân kinne minsken te plak om mei-inoar te betinken.

Undúdlikens

It is yn guon gemeenten dreech om in krekt byld te krijen fan it totale tal betinkingen dat der plakfynt. Sa is it bygelyks yn Hearrenfean, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel net nedich om in fergunning oan te freegjen om in betinking te organisearjen. Minsken kinne op eigen manneboet by bygelyks in lokaal monumint in betinking opsette, sûnder dat de gemeente hjirfan wit.

Skoalbern

In grut tal betinkingen hat al foar de maaiefakânsje plakfûn. It giet dan om betinkingen fan skoallen dy't in oarlochsmonumint adoptearre hawwwe. Dizze aksje 'Adopteer een Monument' is opset troch it komitee 4 en 5 maaie om skoalbern yn de groepen 7 en 8 aktyf te belûken by de deadebetinking. De opset fan it projekt is dat de skoalle in oarlochsmonumint yn it eigen doarp of yn de eigen buert adoptearret, om sa de bern wat mei te jaan oer de lokale skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch, de tradysje fan it betinken en de rituelen dy't dêr by hearre.

Balk

Iepenbiere skoalle 't Hazzeleger en kristlike basisskoalle De Bolster út Balk hawwe op dizze wize bygelyks it monumint by it âlde gemeentehûs yn it doarp adoptearre. Alle jierren wurde hjirre troch de bern krânsen en blommen dellein foar de doarpsgenoaten dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkaam binne.

Fariaasjes

Net elkenien hat in betinking by in monumint, sa wurdt der al jierrenlang op Skylge in stille tocht organisearre om stil te stean by de slachtoffers fan oarlochsgeweld yn de wrâld. De tocht begjint mei in gearkomste fan neibesteanden fan de slachtoffers yn de hal fan it gemeentehûs. Hjirnei kin elkenien him oanslute by de tocht dy't ûnder oare fia de Burgemeester Reedekerstrjitte, de Parnassiawei en Lonway rint, en einiget by it oarlochsmonumint. Hjir wurde dan de tradisjonele twa minuten stilte hâlden.

Hjirûnder in oersjoch fan alle betinkingen yn Fryslân. Mist der noch ien? Lit dat ús dan witte, op nijemedia@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)