Boer sels dwaande mei ôfsluting gefaarlike spoaroergong

03 maaie 2017 - 16:31

Nei it deadlik treinûngelok flakby syn pleats is boer Sijtsma yn Harns sels oan de slach gien mei in oannimmer om de oergong ôf te sluten. Hy woe gjin tiid mear ferlieze, en hie alle fertrouwen yn de meiwurking fan ProRail.

Healwei it wurk krige er ek de tastimming foar it oanlizzen fan de dyk troch it lân. Dy dyk wurdt meikoarten ôfmakke. Dan moat der allinnich noch in brêge oanlein wurde oer de Achlumer Feart.

It plan wie dat de ûnbewaakte spoarweioergong yn Harns dêr't ein maart in man en syn soantsje om it libben kamen fan 't hjerst folslein ôfsletten wêze soe. Dat wurdt no nei alle gedachten earder. By deselde spoarweioergong ûntkaam earder ek al in frou oan de dea doe't har auto skept waard troch in trein.

De oergong leit op it hiem fan boer Hindrik Sijtsma. Hy woe sûnt it earste ûngemak al fan de oergong ôf. Hy wie al drok yn petear mei spoarbehearder ProRail oer de ôfsluting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)