Graffityspuiters moatte betelje foar skjinmakkosten tunnel

It tunneltsje yn de Martinus de Boerstrjitte yn Drachten © Google Streetview
Twa graffityspuiters moatte in part fan de skjinmakkosten fan it tunneltsje yn de Martinus de Boerstrjitte yn Drachten betelje. De man fan 27 út Aldegea en de frou fan 30 út Drachten waarden yn novimber ferline jier moarns betiid trappearre op it spuitsjen fan de graffity. Se hiene twa kear it wurd 'bewust' op de muorren spuite.
De skjinmakkosten wiene neffens de gemeente hast 2000 euro. Omdat der al mear graffity yn de tunnel wie, bepaalde de rjochter dat de fertochten 900 euro foar it skjinmeitsjen betelje moatte. Se krigen boppedat in boete fan 500 euro ûnder betingst.