Hûnen bite skiep en laam dea by Bakkefean

Ferwûne en dea skiep troch oanfal troch hûnen © Fryske Gea
Twa hûnen hawwe woansdeitemoarn by Bakkefean in skiep en in laam deabiten en oare skiep ferwûne. In skieppehoeder belle de plysje dat der twa hûnen tusken syn skiep rûnen en om harren hinne bieten.
De plysje trof yn de buert de eigenaresse fan de hûnen, dy't befêstige dat it har hûnen wiene. De hûnen wiene útnaaid en kamen net werom doe't se se rôp. De frou hat in bekeuring krigen. It is net bekend wat der fierder mei de hûnen bart.