Gemeenten wolle witte: hoe dogge wy it?

03 maaie 2017 - 15:36
Foto: ANP

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle fan de ynwenners witte wat dy fan de kontakten mei de gemeente fine. It giet dan om de kontakten oer de WMO, bygelyks oer de oanskaf fan in scootmobyl of it ynskeakeljen fan húshâldlike help.

In seleksje fan minsken dy't ferline jier dêroer kontakt hân hat, krijt dizze moanne in fragelist tastjoerd. Dêrop kinne se oanjaan hoe't se de kontakten belibbe hawwe. Mei de útkomsten hoopje de gemeenten de tsjinstferliening te ferbetterjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)