Bierdrinkende angelfisker skelt tafersjochhâlder út

© ANP
In angelfisker moat him op 16 augustus by de rjochter melde, omdat er tiisdei yn Ljouwert twa tafersjochhâlders misledige hat. De kontroleurs seagen dat de man by it wetterke De Potmarge oan it bierdrinken wie. Se sprutsen him dêr op oan. De angeler begûn fuort en daliks te skellen. Hy is oanholden.
In selde soart ynsidint die him woansdei foar op de Skrâns, ek yn Ljouwert. In man dy't dêr op strjitte alkohol dronk waard oansprutsen en begûn ek te skellen. Dizze man is ek oanholden.