Warskôging foar blau-alch Tsjûkemar by Reahel

03 maaie 2017 - 15:22

De gemeente De Fryske Marren warskôget foar blau-alch yn 'e Tsjûkemar. It giet om de swimlokaasje by Reahel. As minsken yn oanrekking komme mei blau-alch kinne se lêst krije fan yrritaasjes oan de eagen of de hûd. Oare klachten binne bygelyks pineholle en pyntliif.

As swimmers yn oanrekking kaam binne mei blau-alch moatte se harren goed ôfspiele ûnder in dûs, sa warskôgje de ynstânsjes. 

(advertinsje)
(advertinsje)