Drankrider en man sûnder jildich rydbewiis pakt

03 maaie 2017 - 14:19
(foto as yllustraasje) - Foto: ANP

De plysje hat woansdeitemoarn it rydbewiis fan in 22-jierrige drankrider út Ljouwert yn beslach naam. De man foel op doe't hy mei stikkene bannen op de Taniaburg yn Ljouwert stie. Ut ûndersyk die bliken dat de man mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

In 34-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn oanhâlden op de Borniastrjitte. De man syn rydbewiis wie net langer jildich. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
drankrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)