Skûtsjesilen 2017 non-stop en mei kommentaar online

03 maaie 2017 - 17:00

It skûtsjesilen is dit jier foar it earst yntegraal mei kommentaar en sûnder ûnderbrekkingen te folgjen. Omrop Fryslân stjoert online rjochtstreeks bylden út fan alle wedstriden fan de SKS en fan de A-klasse-wedstriden fan de IFKS. It kommentaar komt fan sportferslachjouwers Freark Wijma (SKS) en Koos Wieling (IFKS). En âld-skipper Eelke Dijkstra skoot ek oan as kommentator. Mei de Oude Zeug waard hy yn 2002 en 2003 kampioen yn de A-klasse fan de IFKS.

“It live kanaal dat wy lansearje, is in stream mei Frysk kommentaar by de skûtsjebylden, mar sûnder nijs en muzyk tuskentroch. Folslein rjochte op it skûtsjesilen en op skûtsjeleafhawwers dy’t it skûtsjesilen op ‘e foet folgje wolle”, seit projektmanager Jacqueline Spendel. De silerij is te folgjen op omropfryslan.nl en de omropapp.

Skûtsjekafees

Op radio wurde doarren iepene fan it Skûtsjekafee. Yn dit nije programma wurdt, lykas by it keatsen, ek foarbeskôge. Spendel: “Op tongersdei 3 en freed 4 augustus makket de Omrop live út Grou wei in foarbeskôging op de wedstriden. Echt ôfstimd op de harkers dy’t fan skûtsjesilen hâlde en tagelyk is ek elkenien wolkom yn it kafee”. Foarôfgeand oan de IFKS is der ek noch in Skûtsjekafee oer dizze silerij.

Skûtsjesilen op telefyzje

Op telefyzje feroaret ek it ien en oar. As titel ferdwynt it Skûtsjesjoernaal dit jier, mar de ynhâld net. It wedstriidferslach, it klassemint en it neipraten is te sjen yn Fryslân Hjoed. Jûns is der noch in ekstra lange gearfetting fan de silerij te sjen mei de hichtepunten en Frysk kommentaar derby. Ek sil der fan 't simmer omtinken wêze foar de ôftraap fan it skûtsjesilen mei in rige tv-programma’s, dy’t yn it teken stean fan de Fryske simmersporten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)