Janneke (22) mei MS is klear foar missferkiezing

03 maaie 2017 - 13:31

Janneke Knol (22) fan Boarnburgum makket har klear foar de mis(s)ferkiezing fan sneon. Dy is spesjaal foar froulju mei in beheining. Janneke hat multiple sklerose (MS). Se stiet yn de finale. Dy wurdt presintearre toch âld-Lingopresintatrise Lucille Werner. It programma is te sjen op SBS6.

Tongersdei begjint de tarieding. Dan sitte alle finalisten by Jeroen Pauw oan tafel. Freed is de generale repetysje en dan sneon de opnamen foar it finaleprogramma.

Janneke docht mei oan de ferkiezingen om sjen te litten dat minsken mei in beheining likefolle kinne as minsken sûnder beheining: "Der wurdt wolris tsjin my sein: "Janneke, doch dat dochs net" of "Tinkst wol om dyn sûnens?" Mar dat wit ik sels bêst. Dêr hoecht gjinien my op te wizen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)