Treinûngelok Harns twingt ûndersyksried ta ekstra ûndersyk

De auto is nei de botsing in hiel ein meisleept troch de trein © noordernieuws.nl
De Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) begjint in breed ûndersyk nei de feilichheid fan spoarweioergongen yn Nederlân. Oanlieding foar it ûndersyk binne de ûngelokken dy't koartlyn op oergongen plakfûn ha, sa as ein maart yn Harns. Dêr kamen in heit en syn soantsje om it libben.
De OVV wol mei it ûndersyk achterhelje oft de feilichheid op spoarweioergongen ferbettere wurde kin, en hoe dan, en ek hoe't de oankundige sanearring fan ûnbewaakte oergongen ferrint. Spoarbehearder ProRail hat witte litten hielendal fan dy oergongen ôf te wollen. Earder wie der al in ûndersyk nei ûnbewaakte spoarweioergongen.
It giet no om in saneamd tema-ûndersyk fan de ûndersyksried. De presize ûndersyksfraach en opset fan it ûndersyk wurde yn de kommende wiken bepaald. Nei alle gedachten duorret it in jier foardat it ûndersyk dien is.