Mear stânplakken foar wenweinen yn Smellingerlân

03 maaie 2017 - 11:33

It tal stânplakken foar wenweinen yn Smellingerlân wurdt útwreide. De gemeente, wenningboukorporaasje WoonFriesland en de bewennerskommisje Woonwagenbelang Smallingerland wurkje oan plannen om dat mooglik te meitsjen. De winsk foar mear stânplakken is der al jierren. Sûnt 1994 is der gjin inkeld stânplak mear by kaam. It bin der no 37 ferdield oer fiif kampen. It ferlet is lykwols folle grutter.

De kommende tiid wurdt útsocht hoe grut. Ek wurdt dan sjoen nei hokker lokaasjes geskikt binne. De wenweinbewenners sels bin skeptysk. Annie Mirosch hat der in bytsje fertrouwen yn. Benammen om't de groep troch de gemeente al bestimpele is as in "drege" groep om te húsfesten.

Trefwurden: 
wenwein Smellingerlân
(Advertinsje)
(Advertinsje)