Boalserter draaft twa dagen lang oan ien tried troch

03 maaie 2017 - 11:29

Ultrarinner Silvio Teunissen út Boalsert hat wer in prestaasje fan formaat delsetten. Nei de Spartathlon yn Grikelân foarich jier oer in ôfstân fan 248 km die Teunissen ôfrûne wykein mei oan de ultrarin Milaan-San Remo fan mar leafst 285 km.

Fan it begjin ôf woe it net, sei Teunissen, mar hy hat it folhâlden, en kaam út op in tiid fan 47 oeren en 53 minuten. Dat wie krekt binnen de limyt fan 48 oeren. Yn totaal binne der sneontemoarn 48 ultrarinners fan start gien. Silvio Teunissen wie ien fan de 16 dielnimmers dy't de finish helle.

Teunissen is pas de tredde Nederlanner dy't dat slagge is yn de fjouwer edysjes fan Milan-San Remo dy't der oant no ta west ha.


(Advertinsje)
(Advertinsje)