Partikuliere natuergebieten mear foar it fuotljocht

Fryslân telt sa'n 100 partikuliere natuergebieten. Dy binne faak iepen foar publyk, mar in soad minsken witte dat net. Dêrom wurdt woansdeitemiddei yn Harich in boek presintearre mei ferhalen fan natuerbehearders. It boek is mei in inisjatyf fan de stichting Natuerkollektyf Fryslân, dy't 15 partikulieren fertsjinwurdiget.
De stichting wol partikulieren stypje by it oanfreegjen fan subsydzjes foar natuerbehear en hat derfoar hast 43.000 euro subsydzje krigen fan de provinsje. Mei it jild wol de stichting ûnder oare in webside opsette werop alle partikuliere natuergebieten yn kaart brocht wurde.