Kollum: "Turfrûte"

"De Stichting De Nije Kompanjons hâldt der mei op boatsjefarders oan te trunen ek ris in kear de Turfrûte te farren. Dat die de stifting fan 1974 ôf wol. It hat sukses hân, der fearen foldwaande boatsjes troch de brêgen, sadat mei it brêgejild wat reklame makke wurde koe. De provinsje, oars o sa grutsk op âlde rommel, hat lykwols alle Frysk-tradisjonele brêgeklompkes fuortsmiten. Utsein ien, dy is nei it Fries Museum brocht. Mar de Kompanjons krije no gjin jild genôch mear om reklame foar de rûte te meitsjen.
Der bin foar it oare twa Turfrûtes. In grutte. Fan It Hearrenfean nei Meppel, dan nei boppe nei Hijkersmilde en dan oer twa/trije rûtes werom nei It Hearrenfean. Of oarsom. De Kompanjons wurkje inkeld foar de lytse Turfrûte, fan Ulesprong oer De Gordyk en Donkerbroek nei Easterwâlde en werom oer De Tsjonger. Of oarsom. In beheind stik. No sil jim freegje wêrom as der gjin reklame foar de grutte rûte makke wurdt, tegearre mei de provinsjes Oerisel en Drinte bygelyks. Se ha der wolris oer praat, mar bin der net útkaam. Sterker, it Polderhoofdkanaal is der no, en dêr kin je fan de Turfrûte ôf moai opfarre. Mar de brêge- en iepeningstiden bin ûngelyk oan dy fan de Turfrûte. Opsterlân fart syn eigen ferhaal. Gjin gearwurking.
De Kompanjons rôpen dus inkeld wat oer De Gordyk, Donkerbroek en Easterwâlde, mar dêr hâlde se no mei op. Noch wol ynformaasje, mar se roppe ús net op dy eintsjes te farren. Dat betsjut dat it farrend folk dêr griis wurdt. Jongeren wurde allegear fuortraasd nei it súdwesten. De Kompanjons begripe dat ek wol en ha oankloppe by de provinsje, mar deputearre Kielstra sei dat se it jild mar ophelje moatte by ûndernimmers yn De Gordyk of Easterwâlde. Kielstra wit blykber net dat elk VVV-eftich inisjatyf hjir yn Fryslân kapot makke is troch net meidwaande ûndernimmers dy’t wol profiteare fan de reklame. Altyd spul, altyd temin jild. Krekt as dy VVV’s strike de Kompanjons no de flagge.
Deputearre Kielstra wit wierskynlik ek net dat de provinsje Fryslân it areaal lytse feartsjes oanmerklik en foar in knoarre jild útwreide hat. Benammen yn it noarden. Je kin no de hiele alvestêderûte farre. Dat bart lykwols net. Noch folle minder as de Turfrûte, dy’t wol noflik is om wynfrij tusken de beammen oan te lizzen. Yn it noarden waait altyd in stive wyn. Moai om reedriders te narjen, nuodlik om jo boat oan te lizzen. En se groeie ek wol wer hiel gau ticht mei plante- en reidguod, hjir en dêr moat in kano al op de wâl, as dy in oaren tsjinkomt. It ûnderhâld is dus djoerder as tocht, mar oars komt der hielendal net mear ien en wêrfoar ha we dan al dy flústerboatsjes makke.
Wolle wy ús op de boarst slaan bliuwe as rekreaasjeprovinsje by útstek, dan moat ek dy rûtes mear rendemint opsmite. Der binne falske mar likegoed wol hoopjaande ferwachtings skept. Ladingen skipkes mei lju dy’t allegear de kroegen en bakkerijen bestoarmje soenen. Net in skip sjoen. Boargemaster Van der Berg fan Ferwerderadiel hear je oars noait, mar hy hat al in pear kear roppen dat in oar soargje moat dat der boatsjes yn Hallum komme. Dus der komme aanst stichtingen om reklame te meitsjen. Dy stichtingen krije lykwols gjin jild fan de brêchjes, mar ek net fan Van der Berg of de ûndernimmers. Dus klopje se by de provinsje oan. By deputearre Kielstra. Dy moat we dus stypje.
No sjoch, Albert Hendriks fan Friesland/Holland Promotion hat fan 'e wike daliks al skreaun dat hy de reklame foar de Turfrûte wol oernimme sil. Eins al oernaam hat. Oant op It Hearrenfean en Akkrum. Ynformaasje, mar as je in fyts of in hotelkeamer hiere wolle, dan kin je ek by him terjochte. En moat je him betelje. Kommersjele útfiering, stipe troch in promoasjebelied. Moat jo oansprekke, Kielstra. Lês de side fan Hendriks ris troch, Kielstra. En realisear je dan wat foar jild de provinsje ferspilet om Fryslân te promoaten krekt as bin je konkurrint fan ûndernimmers dy’t yn de provinsje of in bepaald gebiet har plak al lang fûn ha. Fryslân hat no jierren moddere mei dat promoasjegedoch. Mar Kielstra, likemin as de amateurs fan de Kompanjons, kin de oerheid soks ek net."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.