Meisjen mei fereale ûlepearke fia webcam

02 maaie 2017 - 22:12

Wat bart der yn de ûlekast? Dat wie lang geheim, mar mei tank oan de webcam no net mear. Elkenien kin meigenietsje fan it kreamgelok fan in jong pearke tsjerkûlen earne op in souder yn Earnewâld. Fia de webcam fan It Fryske Gea kinne minsken nei it wol en wee fan it fereale ûlepearke sjen,mei kommentaar fan de saakkundige Johan de Jong.

Op it stuit lizze der seis aaien yn it nêst. It wyfke hâldt dei en nacht de wacht en it mantsje moat mûzen fange. Minsken dy't live meimeitsje wolle dat de pykjes út de aaien krûpe, moatte der om 9 maaie hinne plat foar.

Trefwurden: 
ûle webcam
(Advertinsje)
(Advertinsje)