Piet Adema: "ChristenUnie yn nije kabinet is mooglik"

02 maaie 2017 - 21:55

Piet Adema fan de ChristenUnie tinkt dat de kâns der noch altyd is dat syn partij meidwaan kin oan in nij kabinet. Adema sei dat tiisdei yn It Polytburo op Omrop Fryslân. De Fryske âld-deputearre is lanlik foarsitter fan de ChristenUnie.

Likegoed sjocht Adema wol tsjinstellings, foaral mei D66, as it giet om etyske saken lykas de eutanasywet. As dat ûnderwerp fia in frije kwestje dochs in mearderheid yn de Twadde Keamer krije soe, soe dat betsjutte dat dat troch in kabinet mei ChristenUnie útfierd wurde soe en dat is foar syn partij in stap te fier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)