Auto klapt op ree op A31 by Dronryp

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In automobilist út Ljouwert is tiisdeitejûn op de A31 by Dronryp yn botsing kaam mei in oerstekkende ree. It bist oerlibbe de klap net. De bestjoerder kaam mei de skrik frij, mar hie wol flinke skea oan syn auto.
De bestjoerder hat noch besocht de ree te ûntwiken, mar dat slagge net. Hy koe de auto yn de middenberm ta stilstân bringe. In berger hat de auto fuortsleept.