Oranjefammen ûnder de 17 sette goed út ein op EK

Kerstin Casparij fan SC Hearrenfean makke it twadde doelpunt © SC Hearrenfean
De Oranjefuotbalsters ûnder de 17 jier hawwe tiisdei harren earste wedstriid yn it Europeesk kampioenskip wûn. De fammen wûnen mei 3-1 fan Noarwegen. Kerstin Casparij fan SC Hearrenfean makke yn de 20e minút it twadde Nederlânske doelpunt. De oare goals foar Nederlân kamen fan Lynn Wilms en Williënne ter Beek. Nederlân komt freed út tsjin Ingelân en dêrnei moandei tsjin Ierlân.
It EK yn Tsjechië wurdt organisearre troch de UEFA. It toernoai duorret oan 14 maaie. Acht lannen dogge mei. De earste en lêste kear dat it Nederlânsk alvetal foar spylsters ûnder de 17 jier him kwalifisearre wie yn 2010.