Kees Donkervoort giet fuort by sikehûs MCL yn Ljouwert

02 maaie 2017 - 20:12
Kees Donkervoort - Foto: MCL

Sikehûs MCL moat omsjen nei in nije direksjefoarstitter, want Kees Donkervoort giet fuort. Hy hat mei yngong fan 1 septimber in baan by KPN. Dêr sil er lieding jaan oan alle aktiviteiten fan KPN op it mêd fan soarch (KPN Healthcare).

Donkervoort is sûnt july 2013 direksjefoarsitter by it Ljouwerter sikehûs. Yn dy tiid hat er him benammen dwaande hâlden mei de fierdere gearwurking tusken de Fryske sikehuzen, de bou fan in nije earste-help-ôfdieling en de bou fan nije operaasjekeamers. De ried fan kommissarissen sil op koarte termyn de proseduere opstarte om syn opfolging te regeljen.

Trefwurden: 
Kees Donkervoort MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)