By nacht fan Holwert nei It Amelân rinne

02 maaie 2017 - 19:58

Nije wike hâldt de Waadferiening in nachtlike waadrintocht fan Holwert nei It Amelân. Sportivelingen dy't wolris wat oars as oars wolle, kinne woansdei ûnderfine hoe tsjuster oft it nachts op it Waad is. De tocht duorret trije-en-in-heal oere en is net geskikt foar minsken mei in minne kondysje of dy't noch nea earder oan waadrinnen dien hawwe. Minsken dy't meidwaan wolle, kinne harren opjaan by waddenvereniging.nl/eropuit.

Trefwurden: 
waadrinne
(Advertinsje)
(Advertinsje)