Ljouwert en Grins wize nei-inoar foar kosten begraffenis

In misferstân tusken de gemeenten Ljouwert en Grins hat emosjonele gefolgen foar de neibesteanden fan Victor Gelderloos út Ljouwert. Dat meldt RTV Noord. Ferline wike tiisdei kaam Gelderloos te ferstjerren yn in stjerhûs yn Grins. Gelderloos wenne de lêste acht jier fan syn libben yn Ljouwert. Syn famylje kin de begraffenis net betelje en yn sokke gefallen betellet de gemeente dan de kosten. Mar Ljouwert wiisde nei Grins en Grins wiisde nei Ljouwert en der gie noch mear mis.