FIDEO: Krije húsdokters it te drok mei al dy ekstra taken?

02 maaie 2017 - 17:56

Mei longproblemen, hert- en faatsykten of diabetes hoege minsken tsjintwurdich net mear fuortendaliks nei it sikehûs, want dy taken hat de húsdokter derby krigen. Dy is goedkeaper en sa falle de soarchkosten leger út. Dêrneist fiele in soad pasjinten harren fertrouder by de eigen dokter. Win-win soene jo sizze, mar de beropsgroep is dêr net bliid mei, want de druk wurdt te heech. Karin Groeneveld is te gast yn de studio. Sy is al sechstjin jier húsdokter op 'e Lemmer. 

(advertinsje)