Finzenisstraf easke foar deadlik ûngelok Nijlemmer

02 maaie 2017 - 17:56
De rjochtbank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in man fan 40 út Wolvegea, dy't yn oktober 2015 in deadlik ûngelok yn Nijlemmer feroarsake hat, is tiisdei ien jier finzenisstraf easke. Ek soe er trije jier net ride meie. De man ried op in saneamde fier-rikker mei twa balen hea, hjirtroch koe er it oare ferkear net sjen. Sa ried hy in echtpear út Wolvegea oan. De frou bedarre yn de berm, har 59-jierrige man waard oerriden en ferstoar op it plak fan it ûngelok. De offisier fan justysje fûn dat de man roekeleas riden hat, omdat hy de foarken mei de balen hea net omheech dien hie, sa't it heart. Neffens de fertochte die hy dat net, omdat syn baas dat ek nea die.

De neibesteanden fertelden yn de slachtofferferklearrings dat se fertrietlik binne, mar foaral ek lilk binne op de fertochte. Sy snappe net dat de man 'mei in moardwapen sa de dyk opgean koe'. It slachtoffer is troch it ûngelok syn baan kwytrekke en hat in soad spyt fan syn hanneljen. De offisier fûn lykwols dat fan ien dy't al 18 jier sok wurk docht ferwachte wurde mei dat hy op ferantwurdlike wize wurkje kin. De Ljouwerter rjochtbank docht op 16 maaie útspraak.

Trefwurden: 
Nijelamer justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)