Gemaal by Marrum krijt foarm

02 maaie 2017 - 17:34

It stoarmseizoen is foarby en dus kin der wer wurke wurde oan de grutte wetterkearingen yn Fryslân. Yn ien fan dy wetterkearingen komt lykwols in grut gat. It giet om de seedyk by Marrum. Hjir wurdt foar sa'n 15 miljoen euro in grut nij gemaal boud. De nije ynstallaasje moat der ûnder oare foar soargje dat it lân net ûnder wetter strûpt. Mar it projekt Fan Salt nei Swiet hat ek foar de fisken grutte foardielen. Yn it gemaal komt in fiskpassaazje dêr't lytse fisken lykas glêsiel fan sâlt nei swiet wetter swimme kinne. Njonken it gemaal wurdt romte ynromme foar in nije farrûte en in fytspaad. It giet dan benammmen om de glêsiel dy't fanút de Sargassosee op syk giet nei swiet wetter. It gemaal moat ein folgjend jier klear wêze.

Gearwurking

It projekt is in gearwurking fan de provinsje Fryslân, It Fryske Gea, Gemeente Ferwerderadiel en wetterskip Fryslân. De organisaasjes wolle mei it projekt in ympuls jaan oan de wetterfeiligens yn ús provinsje. Dêrnjonken moat it projekt de lânbou, fiskmigraasje en natuerûntwikkeling yn Noard-Fryslân stypje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)