Soarchbuorkerij yn Oentsjerk

25 okt 2011 - 17:19

Yn Oentsjerk is tiisdei soarchbuorkerij It Lijsket iepene. Dat is in pleats dêr't jongeren mei in beheining wenje en 24 oeren deis soarch krije. De pleats is in inisjatyf fan de âlders fan de bern. Dy sochten in wenadres yn de buert fan De Trynwâlden, om't soks der net wie. Yn It Lijsket is plak foar fjirtjin bewenners. It giet om jongeren tusken de 20 en de 30 jier. Se komme hast allegear út de omjouwing fan De Trynwâlden wei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)