Boeten fan 100 euro útdield foar losrinnende hûnen

Steatsboskbehear hat de ôfrûne dagen fiif hûnebesitters op de bon slingere om't se de bisten losrinne lieten yn de bosk fan Oranjewâld. Sûnt dizze wike jout de natuerorganisaasje bekeuringen. De ôfrûne fjirtjin dagen waard allinne warskôge.
Steatsboskbehear is mei de aksje begûn nei klachten fan kuierders. Dy fiele harren hieltyd faker bedrige troch de hûnen. Der giet sa no in dan ek in hûn achter in bist oan. Oertreders moatte in lytse 100 euro betelje. Ferline jier bekeurde Steatsboskbehear ek al yn de bosk fan Oranjewâld. Neffens de organisaasje hat dat spitergenôch gjin bliuwend effekt hân.