Mear iepenbier ferfier op 5 maaie

02 maaie 2017 - 16:39
It stasjon Ljouwert Camminghaburen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ferfiersbedriuw Arriva set freed op befrijingsdei ekstra lange treinen en in tal ekstra bussen yn. De ekstra lange treinen ride jûns nei njoggenen, om de besikers fan de befrijdingsfestivals yn Ljouwert en Grins wer nei hûs te ferfieren. De ekstra bussen ride middeis en jûns fan Drachten nei Grins, de rûte fan Q-liner 304, mei in frekwinsje fan 4 oant 6 kear yn de oere.

Trefwurden: 
Arriva iepenbier ferfier
(Advertinsje)
(Advertinsje)