Frysktalige lift provinsjehûs

25 okt 2011 - 17:29
Foto: Omrop Fryslân

It nije provinsjehûs krijt Frysktalige liften. Besikers krije yn it Frysk te hearren op hokker ferdjipping se binne. PvdA en PVV hiene oantrune op Frysktalige liften en deputearre steaten hawwe besletten dat dat in goed idee is om de Fryske taal te befoarderjen.

Yn fjouwer fan de acht liften yn it provinsjehûs is te hearren wêr't jo binne. Neffens de provinsje giet it om in wrâldprimeur. It nije provinsjehûs wurdt op 7 novimber yn gebrûk naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)