Mear plak foar wenweinen yn Smellingerlân

02 maaie 2017 - 16:22
Bewenners foar harren wenwein (foarbyldfoto) - Foto: ANP

Der komt mear plak foar wenweinen yn Smellingerlân. De gemeente, wenningboukorporaasje en de bewennerskommisje fan wenweinbewenners meitsje mei har trijen in plan dêrfoar. De wenweinbewenners hawwe sels al mear as in jier lyn oanjûn dat der ferlet is fan mear steanplakken. Dêrnei is in ûndersyk ynsteld.

De gemeente fynt dat it wichtich is dat de wenweinkultuer bestean bliuwt. Hoefolle ekstra plakken as der komme moatte, is noch net bekend. Ek de lokaasje is noch net oanwiisd. De gemeente seit wol dat der allinnich lytsskalige kampen komme meie yn de gemeente.

Trefwurden: 
Wenweinen Smellingerlân
(advertinsje)
(advertinsje)