Selstraf easke foar stekpartij yn Kringloopwinkel

© ANP XTRA
Tsjin de haadfertochte yn de saak fan de stekpartij yn de kringloopwinkel yn Drachten, is tiisdei in selstraf easke fan 14 moanne en nochris 10 moanne ûnder betingst. De haadfertochte is in man fan 58 jier út Easterwâlde. It slachtoffer is de broer fan de eigener fan de winkel. De saak spile op 4 novimber ferline jier. De twa hiene spul mei-elkoar krigen. De lêzingen oer de oanlieding ferskille fan inoar. It slachtoffer rûn stekwûnen op, oan syn earm en syn skonk. De offisier fan justysje fûn dat der sprake wie fan poging ta deaslach.