Minder kuierpaden en gjin kanorûte om Sintrale As hinne

© Omrop Fryslân, Joline Dalstra
De provinsje set in streek troch de plannen foar fiif nije kuierpaden en in kanorûte om de Sintrale As hinne. De provinsje hat lang dwaande west om in akkoart te berikken mei de eigeners fan de grûn dêr't de paden en de rûte komme moatte, mar dat slagget net, sa seit Deputearre Steaten. De provinsje hat juridysk net de mooglikheden om de grûn te ûnteigenjen, dus moatte de eigeners frijwillich akkoart gean. Faak giet it net om jild, de eigeners wolle gewoan de grûn net kwyt. Ruilje wolle se wol, mar op dat punt hat de provinsje neat te bieden. Yn de polityk is lang diskusjearre oer de komst fan de Sintrale As. Doe is tasein dat it gebiet mei 'in plus' efterlitten wurde soe. De kuierpaden en de kanorûte hearden dêrby.
De kuierpaden soene komme by de Tsjerkeloane by De Pein, by de Flappefeart tusken Burgum en Hurdegaryp, by de feart by Quatrebras en op twa plakken by de Iestwei Garyp.