Lege ynkommens betelje lytse hierferheging oan Elkien

02 maaie 2017 - 15:29
Flat fan Elkien - Foto: Omrop Fryslân, Harm Weistra

It grutste diel fan de hierders fan Elkien betellet dit kear mar in lytse hierferheging. Wenningkorporaasjes meie de hier foar de legere ynkommens per 1 july mei op syn meast 2,8 prosint ferheegje. Elkien kiest derfoar om allinnich de ynflaasjekorreksje fan 0,3 prosint troch te fieren. De korporaasje docht dat om de huzen betelber te hâlden foar minsken mei in leger ynkommen.

Allinnich minsken dy't mear as 40.000 euro fertsjinje, moatte in gruttere hierferheging betelje. Elkien wol sa ûnderstreekje dat de huzen dy't sy ferhiere, primêr bedoeld binne foar minsken mei legere ynkommens.

Trefwurden: 
Elkien
(Advertinsje)
(Advertinsje)