Ljouwerter liet 13-jierrige seksfoto's meitsje

Justysje © ANP XTRA
In frou út Ljouwert moat mooglik 1250 euro smertejild betelje oan de dochter fan in freondinne. Se liet it 13-jierrige famke foto's meitsje, wylst de frou seksuele hannelings mei harsels die. Neffens de frou die se dat yn opdracht fan in freon en doarde se gjin nee tsjin him te sizzen.
De saak spile al yn de simmer fan 2013, mar waard tiisdei pas behannele. De offisier fan justysje bea dêr syn ekskuzes foar oan. Fanwege de lette behanneling easke er gjin direkte selstraf foar de frou, mar njonken it smertejild wol in selstraf ûnder betingst. De rjochter docht op 16 maaie útspraak.