Manlju stelle brânstof fan bouterrein yn Makkingea

© ANP
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei twa manlju trappearre by it stellen fan brânstof fan in bouterrein yn Makkingea. De plysje kaam de twa op it spoar troch in tip. Yn de auto fan de twa fûn de plysje harddrugs, messen en in soad jild.
De saken binne yn beslach naam, krekt as de auto en it ynbrekkersark dat dêryn lei. De twa fertochten komme út Hoogeveen en binne 30 en 34 jier âld. Tsjin harren is proses-ferbaal opmakke.