Omropper Poiesz krijt KWS Haadpriis

02 maaie 2017 - 15:02
Poiesz mei de haadpriis - Foto: KWS

Folkert Poiesz út Snits krijt dit jier fan de Koninklijke Watersportvereniging Sneek de KWS Haadpriis. Dizze priis wurdt alle jierren útrikt oan in persoan as ynstelling dy't in belangrike rol spilet by it slagjen fan de Snitswike, sûnder dat hy as sy sels yn de organisaasje sit. Folkert Poiesz wie jierrenlang omropper fan de floatskou. Eardere winners fan de KWS haadpriis wiene bygelyks de Blauhúster Dakkapel, de gemeente Snits en waarman Pyt Paulusma. Ek ferskate haadsponsoaren krigen de ûnderskieding.

(Advertinsje)
(Advertinsje)