Monumint foar omkommen Poalske piloaten

Yn Aldemardum wurdt tiisdei in monumint ûntbleate, ta neitins oan de Poalske bemanning fan de Vickers Wellington dy't yn de nacht fan 8 op 9 maaie 1941 delsketten waard boppe de Iselmar. De ûntbleating wurdt dien troch boargemaster Fred Veenstra, yn bywêzen fan bern fan skoallen út de buert. Tagelyk wurdt ek in boek presintearre oer de berging fan it fleantúch. Dat boek is skreaun troch Peter Boomsma en Ruurd Kok. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan majoar Arie Kappert. Hy wie yn it ferline stafoffisier fan de fleantúchberging. De berging fan it fleantúch wie in grutte operaasje. In part fan de Iselmar waard der foar drûchlein.
It Poalske fleantúch wie ûnderweis fan Ingelân nei Bremen, mar waard op de hinnereis delsketten troch in Dútske nachtjager. Der binne op it plak fan de berging ferskate saken fûn dy't laat hawwe ta de identifikaasje. Sa is der in ûnderdiel fûn mei it nûmer fan it fleantúch. Ek lei der in koptelefoan mei de namme fan in Poalsk bemanningslid en binne der stoflike resten oantroffen.
De fjouwer bommen dy't by it fleantúch fûn waarden, binne út de Iselmar helle en op de fêste wâl ta ûntploffing brocht.