Ljouwert griener: tegels ruilje foar in túntsje

02 maaie 2017 - 14:08
Sa moat it dus net - Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

Operatie Steenbreek wreidet syn wurkgebiet yn Ljouwert út. Fan kommende sneon ôf wurdt besocht nochris trije wiken griener te meitsjen, wêrûnder de Blommebuert. Doel is dat minsken tegels ynruilje foar in túntsje. Dat kin sneon ek letterlik, bewenners fan de wyk Achter de Hoven kinne in tegel ynruilje foar in fruitbeamke.

Neist dat de stêd griener wurde moat, moatte de túntsjes der ek foar soargje dat reinwetter yn de grûn opnaam wurdt en dat de stêd sûner wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)