Undersyk: Bouboeren ha it folle better as melkfeehâlders

02 maaie 2017 - 13:14

Bouboeren yn it Noarden fertsjinnen tusken 2011 en 2015 mear as twa kear safolle as melkfeehâlders. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de trije noardlike provinsjes. It ynkommen fan in melkfeehâlder bleau stykjen op gemiddeld sa'n 32.500 euro per jier, wylst in bouboer gemiddeld 76.000 euro fertsjinne.

Ek it ferskil yn eigen jild dat in boer yn syn bedriuw stutsen hat is grut, dat leit by bouboeren sa'n 20 prosint heger as by melkfeehâlders. Ut de sifers fan de trije provinsjes docht ek bliken dat in fyfde fan de boeren der in baan by hat.

Trefwurden: 
bouboer melkfeehâlder
(Advertinsje)
(Advertinsje)