Aldheidskeamer Weststellingwerf liket rêden

02 maaie 2017 - 10:45

It bestjoer fan de âldheidskeamer Weststellingwerf yn Wolvegea hat fan de gemeente oant 1 july de tiid krigen om mei in goed plan fan oanpak te kommen. As dat slagget, dan wol de gemeente 5000 euro beskikber stelle foar de eksploitaasje foar dit jier. Dêrmei liket in driigjende sluting fan de baan.

De âldheidskeamer hat jierliks 15.000 euro nedich. Neist de 5000 euro fan de gemeente ha ûndernimmers 5000 tasein. De rest fan it jild moat fan eigen opbringsten komme, lykas in kontribúsje. De âldheidskeamer hat de lêste tiid 60 nije leden krigen.

Trefwurden: 
Wolvegea aldheidskeamer
(Advertinsje)
(Advertinsje)