Iepenbier ferfier stiet stil op tongersdeitejûn

02 maaie 2017 - 10:41
Stasjon Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De bussen en treinen fan Arriva stean kommende tongersdeitejûn om acht oere twa minuten stil fanwege de Nasjonale Deadebetinking. Alle sjauffeurs en masinisten hawwe de ynstruksje krigen om de bus as trein op in feilich plak stil te setten. It bedriuw docht dit út respekt foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)