Kollum: "Ferhalen meitsje ús ta wa't wy binne"

02 maaie 2017 - 08:35

"De wrâld is ôfhinklik fan har fertellers. Want wy minsken kinne it libben allinne begripe as wy it yn ferhalen fêstlizze en werfertelle. In ferhaal imitearret net samar de werklikheid, mar hat in funskje dy’t folle djipper giet. Dat wat yn it deistich bestean net te fernearen en net út te sprekken is, kin wol yn fiksje, yn in ferhaal, in film of in toanielstik. Yndirekte erfarings kinne werkliker wêze as de werklikheid sels.

De Ierske skriuwer Dermot Healy sei dat de wurden dêr’t er rein op in rút mei beskreau, better wiene as de rein sels. En as dat mei rein kin, hoe sit it dan wol net mei leafde en pine, mei eangst, skamte en hope dy’t minsken ha? Dat is wierskynlik ek de reden dat wy soms, by ferhalen of werinneringen oan bygelyks ien dy’t stoarn is, iepentlik en ûnferwachts gûle, en fertriet yntinser ûndergean as op it momint fan stjerren sels. Om in foarbyld te neamen: dat fan in jonge widdo dy’t net gûle koe doe’t se mei it lichem fan har man konfrontearre waard, mar yn triennen útbarste doe’t se letter in film seach mei in jonge widdo dy’t net gûle koe doe’t dy konfrontearre waard mei it lichem fan har deade man.

Ferhalen kinne ferburgen patroanen en ûnbekende betsjuttings bleatlizze, kinne ús transformearje en hielje.

Dat skeat my fan ’t wykein troch de kop nei ôfrin fan de teäterfoarstelling Pinkpop fan Toneelgroep Maastricht. In muzikaal leafdesferhaal, dêr’t it ferneamde popfestival in grutte rol yn spilet. Feitlik draait it om it drama fan in man dy’t demint begjint te wurden, mar ek om it klassike gegeven fan twa jonges dy’t knokke om de leafde fan ien en itselde famke. Mar it giet lyksa om muzyk as drager fan werinneringen. En om de skiednis fan Limboarch mei syn koaleminen.

No klinkt dat allegear nochal heftich. Dat is it ek. Mar it is tagelyk ek licht en fleurich. Dat komt omdat de âldere man, Wiel, geandewei de foarstelling hieltyd mear tinkt dat er syn jonge ‘ik’ is. En dus sjogge wy him mei syn maat Tjeu as se it oer Pinkpop ha, Tjeu dy’t derfan dreamt om sels oait ris as singer-songwriter op it festival te stean. Dat smyt hilaryske mominten op, want Tjeu is nochal in poehamakker dy’t syn praatsjes altyd klear hat. In ekstra diminsje oan it gehiel jout de band Rowwen Hèze, dy’t live op it poadium spilet en de sfear fuortsterket mei prachtige, nije nûmers.

Mar úteinlik giet it om in man en in frou dy’t inoar troch demintens kwyt reitsje. Om de pine fan dat proses dy’t hy, Wiel, besiket fuort te laitsjen, en om Lies, dy’t der earst net fan witte wol, mar it lang om let akseptearret. Har lulkens en ûnmacht spegelje dy fan ús, har stille triennen yn de sêne dat se it ûnmijbere oanfurdiget, binne dy fan ús. Dat wat yn it deistich bestean net te fernearen en net út te sprekken is, slagget wol yn it teäter. Dat is transformaasje. Dat is de hieljende, djippere funksje fan in ferhaal.

Ferhalen meitsje ús ta wa’t wy binne."

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

(Advertinsje)
(Advertinsje)