Fúzje Accell Group en Pon liket fan de baan

De Accell Group op It Hearrenfean wol net fierder prate mei Pon Holdings oer in oername fan Accell troch Pon. Neffens ynterim-foarsitter Hielke Sybesma fan de ried fan bestjoer fan Accell biedt Pon net genôch jild foar de oandielen fan it Feanster bedriuw en smyt in gearwurking tusken beide fytsefabriken te min foardielen op.
Accell is bekend fan fytsemerken lykas Batavus, Sparta en Koga, Pon fan Gazelle en Union. Wie de oername trochgien, dan wie it grutste fytsefabryk yn de wrâld ûntstien.