Strânljip mei GPS-stjoerderke sjoen? Meld dat de ûndersikers

01 maaie 2017 - 22:49

Fûgelûndersikers dy't harren dwaande hâlde mei it wolwêzen fan de strânljip roppe de help yn fan boargers. Harren wurdt frege om op www.wadertrack.nl troch te jaan wannear't se in strânljip mei in GPS-stjoerderke op de rêch fleanen sjogge.

De lêste jierren is it tal strânljippen mei 5 prosint yn it jier ôfnaam. De ûndersikers wolle graach witte yn hokker stadium en troch hokker faktoaren it minder goed giet. De bisten oerwinterje meastentiids op de Waadeilannen, mar yn it briedseizoen gean se hast altyd it binnenlân yn. Tweintich fan de trijehûndert fûgels dy't op Flylân it winterseizoen trochbrocht hawwe, binne foarsjoen fan sa'n stjoerderke.

De ûndersikers wolle neigean troch hokker faktoaren it minder mei de bisten giet en oft dat bart op de Waadeilannen of yn it binnenlân. Op dit stuit binne noch fjouwer fan de tweintich strânljippen mei in sinderke op it eilân. Om minsken oan te moedigjen om oan it ûndersyk mei te dwaan, mei de finer in namme oan de strânljip jaan

Trefwurden: 
strânljip GPS-stjoerderke
(Advertinsje)
(Advertinsje)