Ferkoarte metaaloplieding mei baangarânsje

Yn Drachten begjinne tiisdei in tal wurksykjenden mei in oplieding fan de Randstad Vakschool foar metaalbewurkjen. Sy wurde oplaat ta frezers en draaiers. Dêr is ferlet fan.
Yn it Noard-Nederlân krije mei-inoar tritich wurksykjenden yn it jier sa'n ferkoarte oplieding. Yn acht wiken wurde se klearstoomd foar de arbeidsmerk. Al dy tiid hâlde sy harren útkearing en hoege se net te sollisitearjen, sa is ôfpraat mei it UWV. Nei de oplieding binne de dielnimmers fersekere fan in baan.